dinerkomeedzjes
Kaptein Wim. B. Rockenmaeker hyt jo wolkom op syn cruiseskip. Belibje in nuvere reis nei Acapulco en genietsje fan in eksklusyf diner yn de Captain's Lounge. In ûnhandige kaptein en syn kurieuze bemanning servearje jo in ûnferjitlike cruise. Genietsje fan romantyk, muzyk, slapstick en hevige deining. The Captain's Dinner is in mingsel fan de Love Boat, de Titanic en in musical. In muzikale komeedzje fol humor en kulinêre ferrassingen.
De skoulilke en altyd snipferkâlden Kroanprinses Anne-Fleur fiert har 39ste jierdei. Majesteit hat foar har in keninklik banket organisearre; tusken en mei it folk.
"It Keninklik Banket" is in muzikale monargy-parody. Keninklike tema’s wurde op in absurde wize sjen litten: de troanrede, it protokol, de ferloving, it nasjonale geskink, de balkonsêne en fansels.......de skandalen. In feest foar eagen, earen en papillen. Paparazzi wurde net talitten!
JaiBibia is in absurde parody op in spirituele beweging en wurdt laat troch Jai en Bibi. Fol oerjefte sette sy demonstraasjes fan dubieuze IIslânske terapyen foar, dy’t der foar soargje dat jo begjinne te genizen. Jai en Bibi soargje ek foar de ynwindige minsk. Priuw har fruchtberheidsalade, ierdstrielierdappels en oase-iis. In oanrieder foar minsken dy’t efkes ûntspanne moatte.
De kosten foar it teater en in goed fersoarge trije-gongen diner binne € 45,50 de man foar Zand, Soap en Soda en Marie Ceremonie. Foar it keninklik banket en it Captain’s diner € 48,75 de man. Hjirby servearje wy in fjouwer-gangen diner. De drankjes wurde op ‘nei-kalkulaasje’ yn rekken brocht. Foar gruttere groepen falt der in dranke-arransjemint te organisearjen.
Foar groepen fan 45 persoanen ôf is Acta theaterproducties ek eksklusyf te boeken. Jo kinne rjochtstreeks kontakt opnimme mei Acta theaterproducties om de mooglikheden te bepraten. Eksklusyf by De Pleats te reservearjen ‘Boerderiederadiel’. Spesjaal foar groepen fan sirka 100 persoanen ôf.
