Bauke van der Woude en Campbell Forbes
Datum: 20-03-2010 Grote zaal
Aanvang: 20:00 uur
Entree: Nutsleden gratis. Niet-leden € 10,00
“ Fuort mei būtenlanners” Sa hjit it nije teaterprogramma fan Bauke van der Woude en Campbell Forbes. It gie op sneon 4 oktober 2008 yn de Koornbeurs te Frjentsjer yn premjźre. De minsken wienen tige optein, it wie in grut sukses. De kommende twa winterskoften sille se dermei by de Fryske teaters en doarpshūzen del. Tsien jier wurkje Bauke en Campbell no al gear. De iene komt fan Dokkum, de oare fan de Bahama’s. Ūnderweis nei optredens of jūns by in slokje wikselen se faak ferhalen śt oer harren jeugd, bertestreek, oer harren ālden, paken en beppen, oer harren taal en gewoanten. Sa kamen se op de fraach: “Wanneer fiele jo je Fries, of krekt Bahamien”? Op in dei sei Campbell: “Ik bin ek in Fries”. Fan dat stuit ōf fūnen se it belangryk en set al harren gesprekken en oantinkens ris goed op in rychje. En sa ūntstie in spannend en nijsgjirrich ferhaal, dat it senario blykte te wźzen foar in jūnfoljend teaterprogramma en dat him letterlik ōfspilet om twa freonen yn de muzyk hinne. In programma dat stāl krige doe’t se harren sels en elkoar in spegel foarhālden. Yn de foarstelling draaie se dy spegel om nei it publyk. Sa kin in elkenien meisjen. “Fuort mei būtenlanners” is in jūn fol lieten en sketskes mei oantinkens oan de jeugd mei al syn kweajongesstreken. Mar it giet ek oer ōfkomst, kultuer en skiednis. In fleurich optreden mei in soad humor, mar ek mei ferstiljende mominten. Begelieding: John Eskes (akkordeon en gitaar), Hans Sambrink ( slachwurk) De Pleats, grote zaal. Aanvang: 20.00 uur. lid worden? wwww.nutburgum.nl

Terug naar agenda>